
(by Janneke de Boer & Menno Terpstra)
Wolken ûntbine oer ús dreamende ierde
it tsjuster stiet op, giet foar de winter nacht
ûnlijich en kâld, sêd fan it mystearje
flústert de takomst, sinne op it ferline
sykje troch my
Fiel de winter klauen
hear de tonger slaan
ik jou myn siel, myn bloed, manmoedich
Ik rop dyn namme as ik jank
De winter pracht, in lûd fan sang and rym
bringt ljocht nei tsjuster lang wei foar myn tiid
befrêzen triennen, misse hoop, fersmiten lijen
smiten nei de winen, al myn eangsten
wylst se flústert mei my
Hjoed, juster en takomst paad, tizen yninoar,
lit alinne fragminten en stjert, de skepping is begûn
razende winen, fleane út en bringe oer it al,
it lot beslút, ferdomt it libbenspaad
Winter winen sjonge, in fiere oantinken
spoaren fan it ferline, daagjend sirene striker
dellings fan wissens, mei mysterieuze temas
ferstruie ûnder myn wjukken
mei in lêste flúster fan my
